Springe nei ynhâld

Ove Kindvall

Ut Wikipedy
Ove Kindvall (1974)

Bengt Ove Kindvall (Norrköping, 16 maaie 1943 - gemeente Sollentuna, Uppland, 5 augustus 2025) wie in eardere Sweedske fuotballer, spits.

Ove Kindvall makke diel út fan it súksesfolle Feyenoord dat yn 1970 beslach lei op de Europacup 1 (tsjin Celtic) en de Wrâldbeker (tsjin Estudiantes de la Plata). Yn de Europacup 1-finale skoarde er it beslissende doelpunt.

Kindvall wurdt troch in soad beskôge as de bêste spits dy't ea foar Feyenoord spile hat. De produktive Sweed skoarde yn de 144 kompetysjewedstriden dy't hy foar de klup spile leafst 129 doelpunten, in fenomenaal gemiddelde fan 0,9 doelpunten de wedstriid. Lange tiid wie hy de mjitte wêrmei't elke Feyenoord spits metten waard. Mar in inkeling toande him yn de desennia dy't folgen in weardich opfolger.

Yn 1971 gie hy werom nei Sweden, dêr't hy fan 1971 - 1974 by IFK Norrköping spile, en syn karriêre ôfsluet by IFK Göteborg yn it seizoen 1974-1975.

Kindvall spile ek yn it Sweedske nasjonale team. Hy die mei oan it wrâldkampioenskip fuotbal 1970 yn Meksiko en it wrâldkampioenskip fuotbal 1974 yn it destiidske West-Dútslân. Yn totaal spile hy 43 wedstriden foar it Sweedske nasjonale team, en skoarde 16 doelpunten.

Ove Kindvall waard as lid nr. 29 opnommen yn de Sweedske fuotbal Hall of Fame.

Kindvall stoar yn augustus 2025 yn de âldens fan 82 jier.

  • 1963 Kampioen Sweden
  • 1966 Topscorer Sweden
  • 1969 KNVB Beker
  • 1969 Kampioen Nederlân
  • 1970 Europa Cup 1
  • 1970 Topskoarder Nederlân
  • 1970 Wrâldbeker foar klupteams
  • 1971 Kampioen Nederlân
  • 1971 Topscorer Nederlân
  • Oan de namme Kindvall is in anekdoate ferbûn:

Fuotbalkommentator Herman Kuiphof wist dat de namme Kindvall sa'n bitsje as "Tsjiendwal" útsprutsen wurde moast en die dat dus ek. In protte sportleafhawwers tochten lykwols dat Kuiphof in rare manier fan útsprekken hie en joegen him de namme "Tsjuiphof". It klupblêd pleatste dêroer in kritysk artikel op de foarpagina ûnder de titel "Tsjommentaar op Tsjuiphof". Ek it fuotbalblêd Voetbal International (doe noch in krante) liet him hearre en koppe nei de europacupwinst fan Feyenoord: "De Tsjup is in de Tsjuip".

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]