Ouwehands Dierenpark
Ouwehands Dierenpark | ||
dieretún | ||
It boerd by de yngong fan Ouwehands (2007) | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Utert | |
gemeente | Rhenen | |
plak | Rhenen | |
adres | Grebbeweg | |
koördinaten | 51° 57' NB, 5° 35' EL | |
bysûnderheden | ||
type | tradisjonele dieretún | |
oerflak | 22 ha | |
netwurk(en) | EAZA, NVD | |
skiednis | ||
iepening | 18 juny 1932 | |
offisjele webside | ||
Webstee Ouwehands Dierenpark | ||
kaart | ||
De lokaasje fan Ouwehands Dierenpark yn de provinsje Utert.
|
Ouwehands Dierenpark is in bistetún yn Rhenen provinsje Utert op de Grebbeberch. Yn de Twadde Wrâldkriich rekke de bistetún slim skansearre.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sigaren en hinnen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oprjochter fan it park, Cor Ouwehand, wie út Rotterdam wei nei Rhenen kommen om dêr in sigarefabryk te begjinnen. Hy besleat dêr lykwols mei op te hâlden en begûn yn 1919 op de Grebbeberch in buorkerij mei bysûndere hinnerassen. Yn dy perioade besochten in protte boeren dizze pleats. In grut part fan har kamen lykwols net foar de eksoatyske hinnerassen, mar foar de oare bisten dy't der ek libben lykas: waskbearen, pauwen en fazanten.
Yn de jierren tritich gie it net goed mei de hinnebuorkerij. De bysûndere bisten yn it park lutsen noch hieltyd besikers. Ouwehand besleat dêrom de hinnebuorkerij om te bouwen ta bistetún. Hy besocht ferskate bistetunen yn Europa om te sjen hoe't er syn bedriuw it bêste ynrjochtsje koe. Ouwehands Dierenpark waard op 18 juny 1932 iepene foar it publyk.
Twadde Wrâldkriich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]t park waard in sukses en luts in soad besikers. Yn 1940, oan it begjin fan de Twadde Wrâldkriich waard by de Slach om de Grebbeberch in grut part fan de bistetún ferwoaste. De gefaarlik achte bisten moasten op lêst fan it Nederlânske leger ôfmakke wurde om tefoaren te kommen dat se ûntkomme soene by in foltreffer op it bistepark, en omdat de eigener de sjitfeardigens fan harsels mear fertroude as dy fan de soldaten, besleat er sels dizze taak op him te nimmen.
Weropbou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Trochdat de fergoedingen foar de skea troch de oerheid oant 1953 op him wachtsje lieten, kaam de weropbou mar muoisum op gong. Yn 1950 ferstoar de oprjochter. Syn soan Bram Ouwehand en dy syn sweager Joop Baars krigen doe de lieding oer it park. Yn de jierren dêrnei is de grutte fan it terrein rom ferdûbele oant 22 hektare. Yn 1993 waard it bearenbosk iepene, in bosk foar fertuteaze bearen faaks út partikulier besit yn it bûtenlân. It publyk kin fia in rinbrêge de bearen besjen sûnder dat de bisten steurd of yn har bewegingsfrijheid behindere wurde. In protte bisten hiene mear romte nedich, mar it park mocht fan de gemeente net mear fierder útwreidzje. Ein jierren njoggentich wie it park hast fallyt en wie it besikersoantal weromrûn oant minder as in heal miljoen. Sakeman Marcel Boekhoorn kocht de bistetún yn 2000. Hy ynvestearre stevich yn nije ferbliuwen foar liuwen, tigers, iisbearen en oaljefanten, oerdutsen boarterstunen en in nij restaurant. Yn 2019 komme der twa Reuzepandas út Sina, yn 2020 wurd it earste reuzepandajong berne.[1] Yn 2024 komt der in koalaferbliuw[2] datselde jier wurd der in reuzepanda twilling berne, mar ien fan de twa pandajongen bliuwt yn libben.[3]
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Pandaferbliuw Pandasia (2017)
-
Sjiraffen (2022)
-
Brúne Bear yn it bearebosk (2017)
-
Gorilla (2022)
-
Afrikaanske Oalefant (2006)
-
Stoksturtsjes (2017)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|