Springe nei ynhâld

Oud-Sabbinge

Ut Wikipedy
Oud-Sabbinge
Hûs te Sabbinge
Hûs te Sabbinge
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Seelân
Gemeente Goes
Sifers
Ynwennertal274 (2026)[1]
Oerflak0,23 km²
Hichte0 m
Oar
Postkoade4471
Netnûmer0113
Kaart
Oud-Sabbinge (Seelân)
Oud-Sabbinge

Oud-Sabbinge is in doarpke yn 'e gemeente Goes, yn 'e Nederlânske provinsje Seelân. Oud-Sabbinge hat 274 ynwenners (2010).

De namme Sabbinge wurdt foar it earst fermeld yn 1206 of 1208 yn in oarkonde. De Oud-Sabbingepolder is it iennichste diel fan it eardere eilân Wolphaartsdijk dat sûnt it jier 1000 kontinu bewenne is. Oare doarpen op it eilân, lykas Hongersdijk en Westkerke, binne troch wettersneed yn see ferdwûn. Sabbinge wie lang it wichtichste doarp en hie de 'memmetsjerke' fan it eilân. Yn 1572 ferwoasten de geuzen de tsjerke om te foarkommen dat de Spanjerts (dy't Goes besetten) it eilân yn hannen krije soene; hjirtroch degradearre it doarp ta in buorskip.

Tsjerke fan Oud-Sabbinge.

Yn 1806 waarden de resten fan 'e tsjerke ôfbrutsen. Op datselde plak waard yn 1872 in iepenbiere legere skoalle boud. By de wettersneed fan 1953 bleau Oud-Sabbinge sparre, al stie de polder fol wetter. Nei de Twadde Wrâldkriich ferdwûn de pleatslike middenstân troch de opkomst fan 'e auto. Yn 'e jierren 1970 wie in grut part fan 'e huzen fakânsjewenning, mar troch belied waard it wer in libbene wenkearn. Fanwegen it ûntbrekken fan nijbou hat Oud-Sabbinge syn autentike karakter behâlden.

Yn Oud-Sabbinge stiet it 'Hooge Huijs' (of Hûs te Sabbinge), boud om 1250 hinne, wierskynlik yn opdracht fan Wolfert fan Borssele. It wie de residinsje fan 'e hearen fan Sabbinge. Nei't in jonkfrou fan Sabbinge troude mei de ambachtshear fan Oostkerke, rekke it slot yn ûnbrûk en waard it in hearepleats. Om 1960 hinne is it gebou yngreven restaurearre yn 'e (foar in part fantasearre) midsiuwske styl.

Der binne trije teoryen oer de namme: in ferwizing nei in eardere hear (Saxbald), in ferwizing nei in boat ('sabb') en in wetterke ('inge'), of in ferwizing nei sompich lân ('sabbig'). Sabbingers neame harren wenplak sels 't Ouweland.

It wapen fan Oud-Sabbinge (trije weagjende blauwe banen op in sulverwyt fjild) stie model foar in soad oare Seelânske doarpswapens, ynklusyf dat fan 'e provinsje Seelân, wat it belang fan it doarp yn de Seelânske skiednis ûnderstreket.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Gemeente Goes
Stêd:
Goes
Doarpen:
's-Heer Arendskerke's-Heer HendrikskinderenKattendijkeKloetingeOud-SabbingeWilhelminadorpWolphaartsdijk
Buorskippen:
BlauwedijkEindewegeDe GroeGoese SasMonnikendijkNoordeindeOude VeerdijkPlanketentRoodewijkSluis de PietTervatenWaanskinderenWissekerke
· · Berjocht bewurkje