Springe nei ynhâld

Kattendijke

Ut Wikipedy
Kattendijke
Symboal
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Seelân
Gemeente Goes
Sifers
Ynwennertal594 (2026)[1]
Oerflak11,74 km²,
wêrfan wetter: 0,43 km²
Hichte0 m
Oar
Postkoade4474
Netnûmer0113
Kaart
Kattendijke (Seelân)
Kattendijke

Kattendijke is in lyts doarp op Súd-Bevelân, yn 'e Nederlânske provinsje Seelân. It doarpke hat 594 ynwenners (2026). Kattendijke makke sûnt 1970 diel út fan 'e gemeente Goes.

Kattendijke is noch foar de trettjinde iuw ûntstien troch it ôfdamjen fan 'e hjoeddeiske 'Deesche Watergang', no in natuergebiet foar ferskate soarten wetterfûgels.

Kattendijke wie in hearlikheid fan it skaai Fan Borssele. Dêrnei wiksele it eigendom oant it skaai Huyssen de hearlikheid yn 1612 oankocht. Dat laach foege de namme fan 'e hearlikheid ta oan 'e famyljenamme: Huyssen fan Kattendijke.

Nei 1815 wie Kattendijke in selsstannige gemeente, dy't oant 1 jannewaris 1970 bestien hat. Op dy datum waard de gemeente weryndield by de gemeente Goes. By de doe ophefte gemeente Kattendijke hearde ek Wilhelminadorp.

Yn augustus 2021 kaam it doarp yn it nijs troch in tige minne besoarging fan 'e post troch PostNL. PostNL sei fuortendaliks ferbettering ta.

Kattendijke is in lokaasje dêr't dûkers graach komme fanwegen de geunstige lizzing oan 'e Easterskelde.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Gemeente Goes
Stêd:
Goes
Doarpen:
's-Heer Arendskerke • 's-Heer Hendrikskinderen • Kattendijke • Kloetinge • Oud-Sabbinge • Wilhelminadorp • Wolphaartsdijk
Buorskippen:
Blauwedijk • Eindewege • De Groe • Goese Sas • Monnikendijk • Noordeinde • Oude Veerdijk • Planketent • Roodewijk • Sluis de Piet • Tervaten • Waanskinderen • Wissekerke
· · Berjocht bewurkje