Ottema-Kingma Stichting
De Ottema-Kingma Stchting waard oprjochte nei it ferstjerren fan notaris Nanne Ottema yn 1955 en hat as doelstelling "It befoarderjen fan keunst- en kultuerhistoarje yn Fryslân". De OKS hat mear as 30.000 objekten yn har besit, dy't oan withoefolle musea en erfgoedynstellings yn Fryslân yn brûklien jûn binne, wêrûnder It Prinsessehof en it Frysk Museum yn Ljouwert
De Ottema-Kingma Stichting bemachtiget ûndermear objekten en samlingen dy't fan belang binne foar de iepenbiere kolleksjes yn Fryslân. De fersiken yn dit ramt by de OKS binnen komme wurde troch it bestjoer sekuer hifke, wêrby't de ûnderbouwing fan in oanfraach toetst wurdt oan de doelstelling fan de betreffende ynstelling en it plak dat it objekt binnen de al oanwêzige kolleksje ferfulle kin. Oanfragen dy 't de strekking hawwe fan mear fan itselde' wurde as regel net honorearre. Likemin wurde foarwerpen oankocht dy't nei de opfetting fan it bestjoer te fier ôflizze fan de oare kolleksje fan de ynstelling of dy't net genôch kwaliteit hawwe. Ek keapet de Ottema-Kingma Stichting wol har oanbeane foarwerpen, sûnder dy a priori foar in bepaalde ynstelling bestimd te hawwen. Pas letter wurdt besjoen yn hokker kolleksje sa'n foarwerp dan it bêste passe soe.
Dêrneist stipet de Stichting wittenskiplik ûndersyk en ûndersteunt it relevante publikaasjes. Alle fersiken op wittenskiplik mêd en de útjefte fan publikaasjes dy 't by de stichting binnenkomme wurde hifke oan de doelstelling fan de stichting. Fierders wurdt sjoen nei it effekt op lange termyn en hoefier't tredden reewillich binne om yn it oangeande projekt diel te nimmen.
Ek it ûntsluten fan kolleksjes yn Fryslân foar in breed publyk, yn boekfoarm of digitaal op ynternet rekkent de OKS ta har taak.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |