Otte Sijes Akkerman
Appearance
Otte Sijes Akkerman (Aldeboarn, 18 april 1872 - dêre, 28 desimber 1957) wie in blauferver en ferneamd folksdichter yn kristlike fermiddens, út de "Waling Dykstra-skoalle". Hy boaske yn 1897 oan Anna Harmsma (1871-1965) fan Beets [1].
Akkerman wie yn 1908 mei-oprjochter fan it Kristlik Frysk Selskip en siet ek tsien jier yn it bestjoer dêrfan. Hy skreau geregeld stikken yn it tydskrift Yn ús eigen tael en goed tritich jier hie er in rubryk yn de Grouster krante Frisia. Teffens wie er skriuwer en foarsitter fan in oantal ferieningen [2]
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Foarjiersblommen - 1906
- For elk whet - 1921
- It nije foardrachteboek - 1923
Oer Akkerman
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Terpstra, Pieter, Fryske folksdichters, 1945
- Jan Tjittes Piebenga, ‘XII. In nije ieu mei nije lûden’ In: Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse (1957) by de DBNL
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Akkerman, Otte Sijes. |