Oscar Mathisen

Ut Wikipedy
Oscar Mathisen
sporter
Oscar Mathisen (1920)
Oscar Mathisen (1920)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Oscar Wilhelm Mathisen
nasjonaliteit   Noarsk
bertedatum 4 oktober 1888
berteplak Kristiania
stjerdatum 10 april 1954
stjerplak Oslo
sportive ynformaasje
sport Reedriden
ûnderdiel Langebaan
debút 1904
karriêre-ein 1916
wichtige prestaasjes
5x goud Wrâldkampioenskip 1908, 1909, 1912, 1913, 1914
1x Sulver Wrâldkampioenskip 1910

Oscar Wilhelm Mathisen (Kristiania, 4 oktober 1888 - Oslo,10 april 1954) wie in Noarsk reedrider. Mathisen wurdt beskôge as ien fan de grutste reedriders fan alle tiden. Njonken fiiffâldich Wrâldkampioen Allround en trijefâldich Europeesk kampioen, hat Oscar Mathisen 14 kear in wrâldrekôr riden.

Syn libben einige nei't er yn 1954 syn frou fermoarde, dy't al in pear jier slim depressyf wie, en dêrnei himsels tekoart die.

Yn de hoeke fan de middelthuns gate en de riksvei 161, by it Frognerstadion yn Oslo, stiet in byld fan Oscar Mathisen dat yn 1959 ûntbleate waard.

Sûnt dat jier wurdt alle jierren de Oscar Mathisen-trofee ek wol de reedryd-oscar neamd, útrikt oan de reedrider dy't in poerbêste of bysûndere prestaasje levere hat yn it foargeande seizoen.

Persoanlike rekords[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ofstân Tiid Datum Baan
500 meter 43,0 14 jannewaris 1929 flagge fan Switserlân   Eisstadion Davos, Davos
1000 meter 1.31,1 10 jannewaris 1929 flagge fan Switserlân   Eisstadion Davos, Davos
1500 meter 2.17,4 18 jannewaris 1914 flagge fan Switserlân   Eisstadion Davos, Davos
3 km 4.58,8 19 jannewaris 1908 flagge fan Noarwegen Gamle Frogner stadion, Kristiania
5 km 8.36,3 23 jannewaris 1916 flagge fan Noarwegen Frognerstadion, Kristiania
10 km 17.22,6 1 febrewaris 1913 flagge fan Noarwegen Gamle Frogner stadion, Kristiania

Resultaten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

jier EK
Allround
WK
Allround
1907 4e
1908 Sulver Goud
1909 Goud Goud
1910 Brûns Sulver
1912 Goud Goud
1913 Sulver Goud
1914 Goud Goud

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL
  • Wikipedy:NO