Orion (liet)

Ut Wikipedy
Orion
algemiene ynformaasje
artyst Metallica
album Master of Puppets
taal Ingelsk
sjenre Metal
útbrocht 3 maart 1986
opnommen septimber–desimber, 1985
doer 8:27
label Elektra
skriuwer Cliff Burton,
James Hetfield,
Lars Ulrich
produsint Metallica,
Flemming Rasmussen

Orion is in folslein ynstrumintaal nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Metallica yn 1985 en útbrocht op it tredde album fan Metallica Master of Puppets. Orion wie it sânde nûmer op it album.

Oer it nûmer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Orion is in ynstrumintaal nûmer benammen skreaun troch bassist Cliff Burton. It nûmer begjint mei in bassolo. Dan begjinne de drums en klinke der in pear gitaarsolo's. Yn it midden fan it nûmer wurdt skoft hâlden, wêrnei 't in bassolo fierder giet. Der komt noch in gitaarsolo, folge troch in koarte bassolo.

Orion waard spile op de begraffenis fan bassist Cliff Burton yn 1986. Nei de dea fan Burton waard Orion pas yn 2006, tweintich jier nei it ferstjerren fan Burton foar it earst folslein live spile troch Metallica.

Muzikanten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • James Hetfield – Sang & Gitaar
  • Kirk Hammett – Gitaar
  • Cliff Burton - Bas
  • Lars Ulrich – Drums