Orianthi

Ut Wikipedy
Orianthi
sjonger en/of muzikant
Orianthi yn 2017
Orianthi yn 2017
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Australysk
berne 22 jannewaris 1985
berteplak Adelaide
etnisiteit Gryksk
wurkpaad
sjenre Rock, poprock, hardrock, alternative rock,
poppunk, bluesrock, alternative metal, modern rock
sjongtaal Ingelsk
ynstrumint Gitaar (út en troch piano, drums)
jierren aktyf 1997-no
offisjele webside
www.orianthi.artistintersect.com

Orianthi Panagaris (Adelaide, 22 jannewaris 1985), better bekend as Orianthi, is in Australyske sjongster-lieteskriuwster en gitariste.

Wurkpaad[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't hja seis jier wie learde se al gitaarspyljen en doe't se 11 wie gie se fan in akûstyske gitaar oer op in elektrysken ien. Yn 2003 waard sy ûndutsen troch Carlos Santana, doe't se meidie oan in Soundcheck by him. Dêrnei helle er har by in earstfolgjend optreden op it poadium. Dêrnei folgen optredens mei ûnder oaren Prince en ZZ Top.

Teffens hat se spile by Michael Jackson op syn This is it konsertrige en de touring-band Alice Cooper. Har debútplaat According to You helle it tredde plak yn Japan, it achtste plak yn Australië en it santjinde plak yn de Feriene Steaten. Har twadde album Believe ferskynde ein 2009 oeral yn de wrâld. Dat jier waard se ek troch it tydskrift Elle rekkene by de 12 bêste frouljusgitaristen. Yn 2010 wûn se mei de "Breakthrough Guitarist of the Year", in priis fan it Guitar International magazine. Op 22 desimber 2014 waard se opnaam yn de South Australian Music Hall Of Fame.[1]

Hjoed-de-dei hat se in relaasje mei rockgitarist Richie Sambora

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

RSO[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Rise (2017-18)
  • Radio Free America (2018)

Singles[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Nûmer Album
2009 According To You Believe
2010 Shut up and kiss me
Courage
2013 Frozen Heaven In This Hell
Sex e bizarre Heaven In This Hell (Deluxe Editie)

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2009: Michael Jackson's This is it
  • 2014: Wacken 3D
  • 2014: Super Duper Alice Cooper, Welcome to his Nightmare
  • 2014: Alice Cooper Raise the Dead Live from Wacken

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Hall of Fame honour for Adelaide’s own Orianthi Panagaris; HALL OF FAME: Orianthi to be Inducted, 3 desimber 2014; Orianthi to be inducted into SA Music Hall Of Fame, Adelaide Music Collective - South Australian Music Hall Of Fame