Springe nei ynhâld

Organyske stof

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Organyske matearje)
Trochsneed fan grûn, dêr't de laach "O", de brune grûn, en de laach "A", de swarte grûn, it organyske stof oantsjut

Organyske stof of organysk materiaal is yn de natuer biologysk materiaal dat bestiet út resten fan deade planten, bisten en harren produkten en út útskieding fan mikro-organismen.

Organyske stof yn de ierde komt benammen fan planten, en foar in lytser part fan dierlike organismen, en komt fan woartels fan planten, blêden, nôtstâlen en rûge dong. Organyske stof bestiet skiekundich sjoen út in mingsel fan natuerlike organyske ferbinings, dêr't se binnen in organisme makke wurde, dêryn't se soargje foar homeostase, en weromkomme yn de rûntegong fan fiedingstoffen. Organyske stof op de ierde wurdt struisellaach neamd en wurdt yn de ierde bou-ierde of humus neamd.
Organyske stof yn de ierde kin in soad wetter opnmme en kin dêrtroch as buffer fan mineralen foarmje, dêr't anorganyske fiedingssâlten minder gau fan útspiele. Yn drûge tiden kin de plant maklik it focht út organyske stof opnimme. Dêrtroch is sângrûn mei in heech gehalte oan organyske stof minder gefoelich foar drûchte as humusearme sângrûn. Ek troch mineralisaasje komme der út it organyske stof fiedingssâlten frij, dy't wer ta beskikking komme foar it opnimmen troch planten.
Organyske stof is ek wichtich foar it libben yn de ierde, dêr't in soad mikro-organismen, mar ek blaukopwjirmen en poddestuollen fan libje. Dy soargje wer foar it ôfbrekken fan it organyske stof en foar in goede struktuer foar de ierde.

Organyske stofgehalte

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sângrûn, ornearre foar tylten, befettet almeast sa'n 3 oant 6 persint organyske stof, ôfhingjend fan it gehalte humus:

  • Humusearm: 0 oant 1%
  • Mei in bytsje humus: 1 oant 3%
  • Mei reedlike humus: 3 oant 5%
  • Gewoane gehalte humus: 5 oant 8%
  • Humusryk: 8 oant 12%
  • Tige humusryk: 12 oant 16%
  • Feaneftich: 16 oant 25%

Klaaigrûn befettet 1 oant 6 persint en feangrûn befettet mear as 25 persint organyske stof.