Springe nei ynhâld

Humus

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Bou-ierde)
De skaaimerk fan humus is de swarte en donkerbrune kleur en is in opheapping fan organyske koalstof

Humus (fan it Latynske humus, dat "grûn", "ierde" of "ierdboaiem" betsjut), of yn de praktyk brún, bou-ierde of swarte grûn neamd, is yn de boaiemkunde it part fan it organyske stof yn de boaiem (ierde), en ûnderskiedt him fan de struisellaach of ierde dat winliken op de ierdboaiem leit.
Humus bestiet út mikro-organismen en resten fan ôfbrutsen planten en bisten sûnder de selstruktuer dêrfan en it nimt focht en fiedingsstoffen op.
Yn de lânbou wurdt humus gauris omskreaun as kompost of tylierde, dy't fan túnôffal en dong ôfkomt, en gauris tsjinnet as fiedingsstof foar de grûn.
Humus is it swarte of donkerbrune organyske stof yn de grûn fan benammen resten fan deade planten en bisten en harren produkten. Humus hat in soad fiedingsstoffen, dy't de fruchtberens fan de grûn fuortsterkje, dêr't stikstof it wichtichste part fan is. De ferhâlding tusken koalstof en stikstof (C:N) yn humus is 10:1.
Humus wurdt yn de praktyk ek wol bou-ierde neamd, om't it rûchwei de djipte fan it ploegjen is.