Oranjemole (Flissingen)
Oranjemûne | ||
mûne / mole | ||
lokaasje | ||
provinsje | Seelân | |
plak | Flissingen | |
adres | Oranjedijk 7 | |
koördinaten | 51°26' N 3°34' E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | stellingmûne | |
funksje | nôtmûne | |
flecht | 24,50/24,60 m | |
boujier | 1699 werbou: 1971 | |
oare ynformaasje | ||
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 37834 | |
Kaart | ||
De Oranejmûne (Oranjemolen) is in nôtmûne en in eardere pelmûne oan 'e Oranjedijk yn Flissingen yn 'e Nederlânske provinsje Seelân. De mûne is de iennige fan 'e oarspronklik 23 stedsmûnen, dy't tsjintwurdich noch yn Flissingen stiet.
De Oranjemolen waard al yn 1699 beskreaun en hat in flecht fan 24,50/24,60 meter. Sûnt 1968 is de mûne eigendom fan 'e gemeente Flissingen.
Yn 'e Twadde Wrâldkriich hie de mûne slim te lijen fan kriichsgeweld. Oan 'e súdwestkant fan 'e mûne moat noch in kûgel út 1809 fan 'e Ingelske float sitte. Ek fan 'e Twadde Wrâldkriich binne der noch oantinkens te finen; de alliëearre striidkrêften lânen yn 1944 tichteby de mûne.
Yn it jier 2000 moast yn it ramt fan dykferheging de mûne omheech fizele wurde. Ek waard de skeef steande mûne by dy gelegenheid rjochtset. Yn 2002 fûn in grutte restauraasje fan 'e mûne plak.
De Oranjemûne is yn 2014 mealree makke en wurdt mei frijwilligers brûkt om nôt te meallen. Mei de lokaasje fuort oan 'e see fangt de mûne altiten in soad wyn.