Springe nei ynhâld

Optykmuseum

Ut Wikipedy

It Optykmuseum wie oant 2015 in museum yn Surhústerfean. It joech sûnt 1996 in oersjoch fan brillen, masines, meubilêr en materialen fan de jierren '30 ôf oant hjoed de dei.

It wie ferbûn oan de optisjên Werkman oan de Binnesleane. It museum liende ek faak stikken út oan kollega-optisjens en oan leveransiers foar eksposysjes en sa.