Opstanningskatedraal (Chanty-Mansyjsk)
Opstanningskatedraal Воскресенский собор | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Tjûmen | |
plak | Chanty-Mansyjsk | |
koördinaten | 60° 59' N 69° 01' E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 2001-2005 | |
Webside | ||
Side fan de katedraal | ||
Kaart | ||
De Katedraal fan 'e Ferrizenis fan 'e Hear (Russysk: Кафедральный собор Воскресения Христова; Kafedralny sobor Vozkresenija Christova) is in Russysk-otterdokse tsjerke yn 'e Russyske stêd Chanty-Mansyjsk.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1988, by de fiering fan 1000 jier kristendom yn Ruslân, keas biskop Antonius fan Tobolsk en Tjûmen it plak út foar de bou fan in nij tsjerkekompleks. Op it plak waard earst in krús delset, dêr't otterdokse minsken byinoar kamen om te bidden en it hâlden fan prosesjes. Op 10 desimber 1999 fûn it lizzen fan 'e earste stien mei de ynskripsje 'Yn namme fan de Heit, de Soan en de Hillige Geast!' plak.
De doedestiidske patriarch fan 'e Russysk-otterdokske Tsjerke, Aleksius II, besocht it bouplak yn 2001.
Yn 2005 waard der foar it earst yn 'e nije Opstanningstsjerke in Godlike Liturgy opdroegen.
Op 19 septimber 2013 waard troch patriarch Kirill de rite fan 'e grutte konsekraasje útfierd en oanslutend de Godlike Liturgy opdroegen.
Arsjitektuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De yn 'e tradysje fan 'e Russyske arsjitektuer út de jierren 1830-1890 boude katedraal makket diel út fan in grutter kompleks, besteande út de katedraal sels, in frijsteande klokkentoer, in aparte, oan Vladimir wijde dooptsjerke, in oan 'e otterdokse hilligen Syrillus en Metodius wijde kapel en in otterdokse skoalle. De hichte fan de sintrale koepel fan 'e katedraal is 60 meter, wylst de klokketoer 62 meter mjit. Yn 'e toer hingje 12 klokken, dy't yn Moskou getten waarden en wêrfan't de swierste 10 ton weecht.
It ynterieur fan 'e katedraal is yn Servysk-byzantynske styl beskildere. Yn 'e katedraal stiet in ikonostaze fan trije rigen. It sintrale alter is wijd oan 'e Opstanning, de beide sydalters oan Aleksander Nevski en de Alderheljen fan Sibearje.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Собор Воскресения Христова (Ханты-Мансийск)
|