Opperhaad (VOC)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

In opperhaad wie yn 'e tiid fan 'e Feriene Eastyndyske Kompanjy (VOC) in bestjoerder fan in gebiet of in faktorij. It amt wie kwa funksje-omskriuwing ferlykber mei dat fan kommandeur, direkteur of gûverneur, allinne hie in opperhaad in wat legere status. Trochinoar tsjinnen opperhaden sa'n twa oant fjouwer jier op harren post. Yn 'e VOC-fertsjintwurdiging op it Japanske eilân Desjima mocht in opperhaad fan 'e Japanske oerheid lykwols net langer as ien jier tsjinje. Faak foarme it amt fan opperhaad in opstapke nei in hegere funksje. Behalven op Desjima kamen opperhaden fan 'e VOC foar yn Birma, Siam, Tonkin en op Timor. Ek de faktorij Fort Lijdzaamheid, dy't koarte tiid op 'e kust fan it hjoeddeiske Mozambyk, yn East-Afrika fêstige wie, waard laat troch in opperhaad.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.