Op 'e dea stean
Appearance
(Trochferwiisd fan Op'e dea stean)
Op 'e dea stean is in term dy't brûkt wurdt yn it keatsen.
De tsjinstanner fan it partoer dat op 'e dea stiet hat 5 earsten en 6 punten yn it rinnende earst. As de tsjinstanners yn dat earst dus noch ien kear skoare, hawwe dy de partij wûn en ferdwynt it partoer dat op 'e dea stie fan de list.
Yn tennis wurdt foar op 'e dea stean it wat freonliker wedstrydpunt (yn it Ingelsk matchpoint) brûkt.