Oostfarder

Ut Wikipedy

In oostfarder is in stielen kotterjacht dat boud wurdt troch de jachtwerf fan Lou Oost yn Akkrum. Tusken 1968 en 2003 binne der 121 boud yn in soad farianten. It skip is ûntwurpen troch keunstner Frits Klein. Doe't Wolter Oost de werf yn 2005 oernaam kaam der wer fraach nei de Oostfarder. Mei Martin Bekebrede yn Warkum is yn 2006 in fernijde, wat gruttere ferzje betocht. Troch de grutte koe it skip net yn Akkrum boud wurde. By it dopen fan de nije ferzje wienen 38 eigeners fan de eardere oostfarders oanwêzich.