Springe nei ynhâld

Ons Schellingerland

Ut Wikipedy

Stichting Ons Schellingerland (SOS) is in Skylger feriening dy 't yn 1962 oprjochte waard om "te besykjen de skientme en it eigene fan Skylge te behâlden en yn gefallen dy't har dêrta liene, mei te wurkjen oan oanpaste en ferantwurde nije foarmjouwing, alles yn de meast útwreide sin fan it wurd".

Ien en oar wol S.O.S. (wenstige ôfkoarting) ûnder mear berikke troch it befoarderjen fan de stúdzje fan de kultuer en de skiednis fan Skylge. It oantal donateurs wie yn 1974 sawat 650, mar it meastepart wennet net op Skylge. Sûnt 1964 hat SOS in eigen meidielingenblêd, De Miedbringer, dat fjouwer kear jiers ferskynt. Se joech, al dan net mei oaren twa boekjes oer Skylge earder, in lietebondetsje Skylge Sjongt en in boekje oer de skiednis fan in Striper tsjerkhôf út, en soarge foar it werstel fan de sjou (tiidbal) yn Hoarn. SOS beheart it Drinkelingenfûns (foar ûnbekende oanspielde drinkelingen) en hie plannen foar in monumint foar de omkomde loadsen en rêders fan drinkelingen. Oangeande bestimmingsplannen, auto-oerlêst, oantaasting miljeu en gasboarrings liet SOS faak har stim hearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: