Springe nei ynhâld

Oncko van Swinderen van Rensuma

Ut Wikipedy
Oncko van Swinderen van Rensuma

Oncko van Swinderen van Rensuma (Grins, 23 july 1775 - dêre, 12 novimber 1850) wie in Nederlânsk politikus en foarsitter fan de Twadde Keamer yn 1839-1840. Hy wie in konservative oanhinger fan it regear.

Jhr. mr. van Swinderen van Rensuma wie in Grinslânske ealman, waans pake en heit bestjoersfunksjes hiene. Hy sette mei syn karriêre útein yn de Frânske tiid yn Nederlân as belestingamtner en waard dêrnei yn 1818 Steatelid yn Grinslân. Yn 1832 waard er keazen ta lid fan de Twadde Keamer. Yn de jierren 1839/1840 wie er foarsitter fan de Twadde Keamer. Hy waard koart skoft foar dy syn abdikaasje troch kening Willem I ta Earste Keamerlid beneamd en bleau dat oant de ein fan 1849.

Fan 1840 ôf oan wie er lid Ried fan Steat yn bûtengewoane tsjinst.

Ut syn houlik mei Quirina Jacoba Johanna Gerlacius (1775-1846) waarden ûnder oare berne:

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: