Springe nei ynhâld

Unôfhinklike Polityk Nederlân

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Onafhankelijke Senaatsfractie)
Unôfhinklike Polityk Nederlân
Onafhankelijke Politiek Nederland
OfkoartingOPNL
Fraksjelieder
Earste Keamer
Auke van der Goot (OPNL)
Sitten yn
Twadde Keamer
Sitten yn
Earste Keamer
Sitten yn
Provinsjale Steaten
Sitten yn
Europeesk Parlemint
Oprjochte22 maart 1999 (as OSF)
RjochtingMidden
IdeologyFederalisme, regionalisme
Websteewww.opnl.nl

Unôfhinklike Polityk Nederlân (Nederlânsk: Onafhankelijke Politiek Nederland) (OPNL) is in Nederlânske politike partij dy't fungearret as in lanlik platfoarm fan regionale en lokale partijen. De partij is benammen aktyf yn de Earste Keamer, dêr’t sy (sûnt 1999 mei ien sit fertsjintwurdige is. OPNL stiet foar regionalisme en it prinsipe fan subsidiariteit. De partij wol dat politike besluten safolle mooglik ticht by de boarger nommen wurde.

De partij waard yn 1999 oprjochte ûnder de namme Unôfhinklike Senaatsfraksje (Nederlânsk: Onafhankelijke Senaatsfractie) (OSF). Dy namme waard op 4 desimber 2021 feroare yn Unôfhinklike Polityk Nederlân. Sûnt 13 juny 2023 wurdt OPNL yn de Earste Keamer fertsjintwurdige troch Auke van der Goot fan de Fryske Nasjonale Partij.

Oansletten partijen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In tal regionale partijen is by OPNL oansletten:

Leden fan OPNL
Provinsje Partij PS-2019 PS-2023
# stimmen % # sitten # stimmen % # sitten
Grinslân Groninger Belang   18.556 7,3 3 / 43   17.385 6,0 3 / 43
Fryslân Fryske Nasjonale Partij   23.662 7,9 4 / 43   27.298 8,1 4 / 43
Provinciaal Belang Fryslân     5.345 1,8 0 / 43     6.891 2,0 1 / 43
Drinte Sterk Lokaal Drenthe     9.344 4,1 1 / 41     7.485 2,8 1 / 43
Flevolân Sterk Lokaal Flevoland - - -     4.518 2,8 1 / 41
Gelderlân Lokale Partijen Gelderland[1]   11.053 1,2 0 / 55   16.512 1,6 0 / 55
Utert U26 Gemeenten[2]     6.530 1,1 0 / 49     7.646 1,2 0 / 55
Noard-Hollân Onafhankelijke Politiek Noord-Holland   18.307 1,6 0 / 55   11.916 1,0 0 / 55
Súd-Hollân Lokale Partijen Zuid-Holland   11.648 0,8 0 / 55 - - -
Seelân Partij voor Zeeland   10.619 6,2 2 / 39     8.458 4,6 2 / 39
Noard-Brabân Lokaal Brabant   25.485 2,5 1 / 55   45.723 4,2 2 / 55
Limburch Lokaal-Limburg   18.474 4,1 2 / 47   20.128 4,3 2 / 47
mei-inoar 159.023 2,2 13 / 570 173.960 2,2 16 / 572

Fertsjintwurdiging

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de Earste Keamer hat OPNL sûnt 1999 ien sit.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  1. Website Lokale Partijen Gelderland
  2. Website U26 Gemeenten