Springe nei ynhâld

Omslaan

Ut Wikipedy
It wrak fan 'e Seawise University, dy't kapseisde nei in brân.

Omslaan, yn 'e regel oantsjut as kapseizen (hoewol't dat yn gjin inkeld Frysk wurdboek stiet en dus in hollanistyske ynterferinsje liket te wêzen), is it omrôljen of kanteljen fan in boat of skip yn it wetter. As soks bart, giet in fartúch earst oer de side, wêrby't de iene kant leger yn it wetter komt te lizzen as de oare. As de iene kant sa leech yn it wetter leit dat it wetter oer it dek spielt, sil omslaan foar de measte skippen net mear tsjin te kearen wêze. Omslaan kin feroarsake wurde eksterne ynfloeden, lykas stoarm, oarlochsgeweld of de weachslach fan in passearjend skip, mar ek troch ynterne oarsaken, lykas in ferkearde ferdieling fan 'e lading of trochdat de lading loskomt en begjint te skowen. Op omslaan folget yn 'e regel it sinken fan it skip.

Guon lytsere boaten binne sa makke, dat se nei it omslaan (bgl. yn in stoarm) út harsels daliks wer rjochtop draaie. Dat is bgl. sa mei rêdingsboaten. Sokke fartugen wurde mei in Ingelske term self-righting ("selsrjochtsjend") neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.