Omrop MAX

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Omroep MAX)
It logo fan Omrop Max

Omrop MAX (Nederlânsk en folsleine namme: Omroepvereniging MAX) is in Nederlânske publike omropferiening. Omrop Max waard yn 2002 oprjochte troch Jan Slagter, en startte mei útstjoeren op sneon 3 septimber 2005 op radio en telefyzje. De doelgroep fan MAX binne minsken boppe de 50 jier. In tal bekinde programma's fan Omrop Max binne:

  • We zijn er Bijna, - Programma oer minsken dy't mei in organisearre kampearreis geane.
  • Bed & Breakfast, - Programma oer eigeners fan bêd & brochsjes dy't by inoar sjogge en inoars ûndernimming beoardiele.
  • Heel Holland Bakt, - Bak programma programma wêryn 't tsien Nederlanners besykje de titel "Bêste thúsbakker fan Nederlân" te heljen.
  • Erica op Reis, - Reisprogramma mei Erica Terpstra dy't bysûndere en eksoatyske bestimmingen oer de hiele wrâld opsiket.
  • Droomhuis Gezocht - Programma oer minsken dy't in (fakânsje) hûs sykje yn it bûtenlân.