Springe nei ynhâld

Olterterper Feart

Ut Wikipedy

De Olterterper Feart is in opfeart yn de gemeente Opsterlân. De feart waard yn 1817 dold en rûn oarspronklik fan it Wite Hûs yn Olterterp yn noardeastlike rjochting nei de Nije Feart en wie sa ferbûn oer de Súderdwersfeart mei de Drachtster Kompanjonsfeart. Tichteby de krusing fan de Van Harinxmawei en de dyk Aldhôf is it swaaigat yn de feart noch te finen.

It wie in partikuliere feart, eigendom fan de famylje Van Boelens. Ticht by de krusing mei de Nije Feart wie in keatling oer it wetter spant en dêr barde de herbergier fan 'Goed Uitzigt' tol foar de famylje Van Boelens. Doe't it Wite Hûs yn de jierren 30 (fan de 20e iuw) opnij boud waard, waard it earste stik feart tichtsmiten.

Anno 2017 is de Olterterperfeart fierhinne tichtgroeid.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ronald van Immerseel, Peter Verhoeff. Statig Beetsterzwaag. Parklandschap rond een Fries dorp, s. 26. Utjouwerij Matrijs, 2016.