Springe nei ynhâld

Nije Feart (Drachten)

Ut Wikipedy

De Nije feart is in feart yn de gemeenten Opsterlân en Smellingerlân. De feart rint fan de wei it Suderein west fan Selmien nei it suden en rint út yn it Ferbiningskanaal dat fierder giet yn de rjochting fan it Weinterper Skar.

By de oanlis fan it Ferbiningskanaal yn it ramt fan de ruilferkaveling begjin jierren 1960 is de Nije Feart opnaam yn it trajekt fan dat kanaal. Earder rûn er oan de Olterterpsterbrêge, yn de wei fan Olterterp nei it Selmien, ta dêr't de Olterterpster Feart der op oansluet. [1] By dy gelegenheid is klapbrêge oer de Nije Feart ferfongen troch in fêste brêge. [2]

De namme Nije Feart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Nieuwe Vaart.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Historische atlas Friesland, Bonnekaart nr. 130 (1925)
  2. Drachtster Krante, 21 septimber 1961