Springe nei ynhâld

Ferbiningskanaal (Drachten)

Ut Wikipedy
It Ferbiningskanaal tusken de Olterterpsterbrêge en Heidehuzen

It Ferbiningskanaal is in wetter yn de gemeente Smellingerlân. It kanaal ferbynt de Alddrait besuden Drachten mei it Alddjip (Keningsdjip).

By de oanlis fan it Ferbiningskanaal yn it ramt fan de ruilferkaveling begjin jierren 1960 is de Nije Feart opnaam yn it trajekt fan dat kanaal. Dy rûn oant Olterterpsterbrêge, yn de wei fan Olterterp nei it Selmien, dêr't de Olterterpsterfeart der yn út komt. [1] By dy gelegenheid is de klapbrêge oer de Nije Feart ferfongen troch in fêste brêge. [2]

De namme Ferbiningsdkanaal jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Verbindingskanaal.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Historische atlas Friesland, Bonnekaart nr. 130 (1925)
  2. Drachtster Krante, 21 septimber 1961