Springe nei ynhâld

Olle Widde

Ut Wikipedy
Alde Wite
Olle Widde
mûne / mole
lokaasje
provinsje Grinslân
plak Ten Post
adres Eestumerweg 39
koördinaten 53°18'N 6°43'E
bysûnderheden
funksje nôtmûne
flecht 18,50 m
boujier 1828
oare ynformaasje
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 9787 [1]
Webside
FB-side
Kaart
Olle Widde (Grinslân)
Olle Widde

De Olle Widde is in nôtmûne yn it westlike diel fan it doarp Ten Post, ek bekend ûnder de namme Kröddeburen, yn 'e provinsje Grinslân.

De mûne waard foar 1828 boud. Neffens de Histoaryske Feriening fan Ten Post en omkriten waard de mûne al yn 1812 boud. Earder hat op it plak in standermûne út 1616 stien. It is de âldste noch besteande rûne mûne fan Grinslân. Oant 1927 die de mûne ek as pelmûne tsjinst.

Tsjin 'e ein fan 'e jieren 1980 wie de mûne tige brekfallich. De doedestiidske gemeente Ten Boer stelde ta behâld in oername troch de Stifting Grinslânske Mûnen út. As de stifting dat wegere soe de gemeente de fergunning foar sloop ôfjaan. Op 4 july 1990 kocht Th.H.D. Meijer út Ten Post de mûne oan. Yn opdracht fan Meijer waard de mûne tusken 1991 en 1994 restaurearre. De eigner ferstoar yn 2009 en de mûne waard doe oankocht trocht in partikulier, dy't njonken de mûne yn it mûndershûs in restaurant iepene. Sûnt 2011 is de mûne wer hielendal mealree.

De mûne tanket syn namme oan 'e wite kleur. In frijwillige mûnder lit de mûne regelmjittich draaie.

De Olle Widde is in rûne stellingmûne. De mûne hat lang selsswichting hân, mar sûnt de lêste restauraasje hawwe de wjukken wer Ald-Hollânsk hekwurk. De flecht fan 'e wjukken is 18,50 meter.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: