Ole Ellefsæter

Ut Wikipedy
Ole Ellefsæter
Olympic Rings black.svg sporter
Ole Ellefsæter (1966)
Ole Ellefsæter (1966)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ole Martin Ellefsæter
nasjonaliteit Flag of Norway.svg  Noarsk
bertedatum 15 febrewaris 1939
berteplak Furnes
stjerdatum 18 oktober 2022
stjerplak Brumunddal
lingte 1.83 m
gewicht 79 kg
sportive ynformaasje
sport Atletyk,
Skyrinnen
O.S. Innsbruck 1964
Grenoble 1968
Sapporo 1972
wichtige prestaasjes
Gold medal icon.svg 2x goud Olympyske Winterspullen 1968,
Gold medal icon.svg 1x goud Wrâldkampioenskip skyrinnen 1966

Ole Ellefsæter (Furnes, 15 febrewaris 1939 - Brumunddal, 18 oktober 2022) wie in Noarsk atleet en skyrinner.

Ole Ellefsæter wie fan 1960 oant en mei 1965, seis kear op rige Noarsk kampioen 3000 meter steeplechase, Ole Ellefsæter die mei oan de Jeropeeske kampioenskippen atletyk 1962 yn Belgrado, mar behelle dêr net de finale. Ole Ellefsæter naam by it langlaufen trije kear diel oan de Olympyske Winterspullen en helle yn 1968 de gouden medalje op de 50 kilometer en op de estafette. Yn 1966 waard Ellefsæter yn eigen lân, mei de Noarske efetteploech skyrinnen wrâldkampioen.

Ole Ellefsæter ferstoar op 18 oktober 2022 yn 'e âldens fan 83 jier oan de gefolgen fan in hertstilstân.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: