Springe nei ynhâld

Ohioana Award

Ut Wikipedy
Ohioana Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar literatuer en kultuer fan Ohio
útrikt troch Ohioana Library
frekwinsje 1x jiers
plak Kolumbus (Ohio)
ynsteld 1942
offisjele webside
www.ohioana.org/awards/

De Ohioana Awards of Ohioana Library Awards binne in groep Amerikaanske prizen dy't sûnt 1942 ienris yn it jier troch de Ohioana Library útrikt wurde oan talintearre ynwenners (of âld-ynwenners) fan Ohio, ta erkenning fan harren bydrage oan it literêre en/of kulturele libben yn dy Amerikaanske steat. (De namme "Ohioana" moat begrepen wurde yn deselde sin as "Americana" as it om 'e hiele Feriene Steaten giet.) Oant ein 2013 wie al oan goed 1.100 Ohioërs in Ohioana Award takend. Dêrby gie it foar it meastepart om skriuwers en dichters, mar der wiene ek keunstners, sjongers en muzikanten by. Fanwegen harren relatyf lange skiednis hearre de Ohioana Awards yn 'e Feriene Steaten ta de meast prestizjeuze prizen fan harren soarte.

De Ohioana Awards wurde yn ferskate kategoryen útrikt, wêrfan't de Ohioana Book Award de wichtichste en âldste is, mei as subkategoryen fiksje, non-fiksje, jongereinliteratuer, poëzij en boeken mei Ohio of in Ohioër as ûnderwerp. Nei 1944 waarden oare kategoryen tafoege, mei as bekendste en wichtichste de Ohioana Career Award, in oeuvrepriis. Under de winners wiene skriuwers as James Reston, Martin Joseph Freeman, Kenneth Patchen en Lois McMaster Bujold. De organisaasje fan 'e Ohioana Awards rikt elts jier ek in beurs út foar in Ohiooske skriuwer ûnder de tritich dy't syn earste boek noch útbringe moat.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: