Springe nei ynhâld

Ogham (alfabet)

Ut Wikipedy
Ogham alfabet
Ogham-alfabet

Ogham (Aldiersk: ogam, soms ek, neffens de earste trije letters:beth luis nion.) is in alfabet dat yn de 5e en 6e iuw brûkt waard foar Primityf-Ierske en soms Brytoanyske of Piktyske ynskripsjes op stiennen; teffens komt it yn in stikmannich Aldierske manuskripten foar (hoewol't dy teksten sels yn it Latynske alfabet skreaun binne.

It is in skrift fan rjochte streken mei oarspronlik 20 letters dy't oardere binne yn fjouwer groepen fan fiif letters. Letter is der yn fyfde lettergroep oan taheakke.

Ogham-stiennen binne fral te finen yn Ierlân, Skotlân, súdlik Wales, Cornwall en Devon.

De letters fan it ogham-skrift hjitte nei beammen dy't hieltyd mei in oare letter begjinne. Dat der wurdt net sein "aa, bee, see, dee", mar "ailm, beith, coll, dair". Ek Latynske letters hienen earder yn it Iersk dy nammen.

De oarsprong fan ogham is net witten: neffens in 15e-iuwsk geskrift, The Book of Ballymote, wie ogham yn it earstoan in geheime gebeartetaal fan de druïden, mar dat wurdt hjoeddedei betwifele meidat der gjin oare referinsjes fûn binne.

Ogham-ynskripsjes binne faak te finen op âlde grêfstiennen yn Ierlân en Wales, faak hawwe sy dêrneist deselde tekst yn it Latynske alfabet.

It Ogham-alfabet

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ogham-tekens mei tastimming fan evertype.com

De Ogham-tekens binne yn Unikoade fêstlein as U+1680 o/m 169C neffens de tabel hjirûnder:

heksNammeBetsjuttingLatynheksNammeBetsjuttingLatyn
1680SPAASJE1690AILMYpA
1681BEITHBjirkB1691ONNBremO
1682LUISLijsterbesL1692URSkrobberheideU
1683FEARNElsF1693EDADPopelierE
1684SAILWylchS1694IDADTaksisI
1685NIONEskN1695EABHADH
1686UATHHagedoarnH?1696OR
1687DAIRIikD1697UILLEANN
1688TINNEHulstT1698IFIN
1689COLLHazzenútC1699EAMHANCHOLL
168ACEIRTAppelQ169APEITH
168BMUINWynrank?M169BVEER
168CGORTKlimmerblêdG169COMKEARDE FEAR
168DNGEADAL
168ESTRAIFKrikelbeamZ?
168FRUISFlearbeamR

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]