Ofbyld oerlis:Flagge fan de Kry.png

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

In flagge dêr't neat fan oer is.[boarne bewurkje]

Ik soe sizze: Hja hawwe earne ûnderweis in krekt wat te minne resolúsje brûkt. Mar it punt is: Is der yndie in flagge foar alle "Cree"/"Krie"? Wat seit Flags of the World der oer? <https://www.crwflags.com/fotw/flags/xa_index.html>. (Oersettings op oanfraach.) Mysha (oerlis) Mysha (oerlis) 1 des 2022, 12.14 (CET)[beäntwurdzje]

Wurdt op Flags of the World hjirre neamd as "First Nations flag", dus net spesjaal as de flagge fan 'e Kry, mar wol as brûkt yn Saskatchewan, dat diel útmakket fan it grutte wengebiet fan 'e Kry. Op Commons, dêr't se oars wol tige sekuer binne op boarnen, wurdt er sûnder mear oantsjut as "Cree flag". De webside dêr't nei ferwiisd wurdt, bestiet net mear, mar ik gean derfan út dat dy boarne troch de poartewachters op Commons checkt is doe't de fergriemde ôfbylding fan 'e flagge yn 2013 opladen waard. Ik wit net oft dizze flagge in protte brûkt wurdt, mar hy bestiet wol deeglik. Mocht ik nochris in nije of bettere flagge foar de Kry fine, dan kin ik him altyd noch ferfange. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 1 des 2022, 23.25 (CET)[beäntwurdzje]