Oerlis:Wetsfoarstel

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

Hokker organen? Drewes (oerlis) 3 mrt 2018, 22.28 (CET)

Hie der even {{wurk}} by sette moatten. Bin noch dwaande mei de side en de tekst. Oars wol in prima opmerking. Mathys1995 (oerlis) 4 mrt 2018, 13.49 (CET)


Ik ha Kening op dizze side mei in haadletter skreaun om't dat yn publikaasjes fan de oerheid ek dien wurdt. Datselde jildt foar wurden lykas Keninklike Boadskip en Ried fan Steat. As der immen is dy't him of har dêr net yn fine kin, dan hear ik dat graach. Mathys1995 (oerlis) 4 mrt 2018, 16.32 (CET)

@Mathys1995: Persoanlik soe ik dat, leau 'k, allinnich yn direkte sitaten dwaan, mar dêr hoege wy fierders gjin spul om te hawwen. Wat wol in puntsje is: "boadskip" is yn it Frysk ûnsidich, dat it is "in Keninklik Boadskip" (en net "in Keninklike Boadskip"). Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 4 mrt 2018, 21.40 (CET)
@Ieneach fan 'e Esk: Wer wat leard! Ik sil it fuortendaliks efkes oanpasse. Tige! Mathys1995 (oerlis) 4 mrt 2018, 22.10 (CET)