Oerlis:Westerkertiersk
"It Fryske substraat"
[boarne bewurkje]We hoege der net oer te diskutearjen dat it Fryske substraat yn it Westerkertiersk grutter is as yn it oare Grinslânsk. Mar net alle wurden kinne aon it Fryske substraat taskreaun wurde. In wurd lykas mieghummel komt nocht oant yn it Drintsk foar (en faaks noch wol súdliker, dat wit ik net), dat is net super-Frysk. Miegen al hielendal net: dat sizze se hast oeral yn it Saksyske taalgebiet. It liket my sels warskynlik dat it Wâldfryske mychhimmel in Saksysk lienwurd is, en it Klaaifryske eamel it âldere wurd. Siepel, dat is sawat 'it' Saksyske wurd; it wurd altyd wêr as foarbyld oanhelle fan in typisk Saksysk wurd dat men yn it westen net ferstiet. Twijbak is ek neat besûnders: yn it liet Kaap'ren varen hjit it ek Al die ranzige tweebak lusten / moeten mannen met baarden zijn en dat liet komt út Flaanderen. En ja, yn it Dútsk is it ek al Zwieback, fan it Platdútske Twiebak. It liket my dus goed ôm dy seksje nochris nei te sjen. Steinbach (oerlis) 5 sep 2019, 23.14 (CEST)
- @Steinbach: Ik haw tafallich alle fjouwer boarnen dy't ûnderoan dit artikel neamd wurde, en ik haw ris sitten te blêdzjen, mar ik kin nearne dit listke fine. Ik soe sizze, Steinbach, fiel jo frij om it listke nei eigen ynsicht oan te passen of om it hielendal fuort te heljen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 7 sep 2019, 21.11 (CEST)