Oerlis:Vocal Roses

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Tekst moat oars[boarne bewurkje]

@Egbertpostma: Goeie. Wy binne altyd bliid as der wer in nije meidogger bykomt. Mar dit stikje hat al wat tûkelteammen. Yn it foarste plak dit: soene jo oan 'e troch jo skreaune nije artikels ek kategoryen tafoegje wolle? Dy komme hielendal ûnderoan de side te stean. Yn dit gefal binne bygelyks de kategoryen Fryske popgroep en Aldemardum fan tapassing. (Ik haw se der no al even by set.)

Fierders kin it sa net ta mei de tekst fan it artikel. Jo hawwe dy blykber suver wurd foar wurd oernommen fan in Faceboekside, en op 'e webside fan dit trio (https://vocalroses.nl/) lês ik frijwol itselde, mar dan yn it Nederlânsk. Dat moat al oars, want dit artikel is sa net ensyklopedysk. Fanôf it reltsje "... binne te boeken mei drummer!" is it yn prinsipe in ferkeappraatsje. Jo meie dizze tekst bêst as boarne brûke, mar dan moatte jo der al in rinnend ensyklopedysk artikel fan meitsje en alle reklame der út wjudzje. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 23 aug 2022, 00.03 (CEST)[beäntwurdzje]