Springe nei ynhâld

Oerlis:Twadde Wrâldkriich

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Motifaasje

[boarne bewurkje]

It fuortheljen fan de eardere bydrage fernúveret my wat, en fral de reden dêrfoar. It is te priizgjen dat Aliter de kwaliteit fan 'e Wikipedy heech hâlde wol. Dochs wol ik derop wiize dat der nei myn idee ynhâldelik neat oan te merken is op de bydrage. Faaks kin it better ferwurde wurde. Der is genôch ûndersyk dien en genôch bekind oer de motifaasjes fan Itaalje en Nazi-Dútslân foar harren aggresive polityk om dêr eat oer sizze te kinnen. Sjoch ûnder oare ek nei de Ingelske en Nederlânske Wiki-siden oer de Twadde Wrâldkriich. Ik bin fan doel en wreidzje it Wiki-part oer de Twadde Wrâldkriich út, mar ik soe it spitich fine at bydragen sûnder fierdere diskusje skrapt wurde. --Bwarre 20.30, jun 14, 2006 (CEST)

Meitsje jo der mar net te drok oer at der ris wat fuorthelle of feroare wurdt; oanpassings en oerlis binne de meganiken dêr't de Wikipedy troch foarme wurdt. Siden wurde feroare at details net goed lykje, en troch dy dan better útskreaun wer yn te foljen waakst de Wikipedy grutter en better. At jo der wis fan binne dat fuorthelle details al presys sa delskreaun wurde moatte, dan skriuwe jo dy krekt itselde wer op de side. Dan is dúdlik dat it gjin fersin wie, en at der ferskil fan ynsjoch oer is komt der dan oerlis oer.
Wat dy motifaasjes oangiet: ik soe sizze dat Nij Rome en Libbensromte ek as ideologysk skreaun wurde koenen. At wy begjinne oer de motifaasjes fan de yndividuéle Dútsers en Italjanen, dan is dat it begjin fan in rige fan útlis oer motifaasjes troch de Wrâldkriich hinne. En dan ek de Frânsen en de Britten fansels. En de Russen en de Amerikanen en alle oaren en alle oare skiedkundige siden. Sels by de oarsaken kinne wy net iens fierder komme as oanjaan wat mûglik is. Dan soe ik leaver registrearje wat der bart is, mar der net oer begjinne wat eltsenien no presys woe.
Mar prima fansels at jo mear oer de Twadde Wrâldkriich skriuwe wolle. Wy moatte net ferjitte dat it mar tsien jier fan de wrâldskiednis is, mar it hat mei 1/3 fan de oarlochsdeaden fan de 20e ieu al in slim konflikt west, en it hat in grutte ynfloed op de Jeropeekse polityk en kultuer hân, dat it mei wol wat mear oandacht hawwe as de tsien alineas dy't it no hat. Aliter 21.50, jun 14, 2006 (CEST)

Tige betanke foar de útlis. Jo hawwe gelyk mei dat Nij Rome en Libbensromte part útmeitsje fan 'e ideology. Ik sil sjen oft ik dy faaks in oar plak jaan kin, hoewol't beide ideeën de rjochting fan 'e oarloch sûnder mear foarm jûn hawwe. Wat oanbelanget de motifaasjes: ik bin fan doel en jou dizze wol in plak. It giet dan fansels net oer de motifaasje fan samar minsken, dat soe yndie wat wurde... Mar ik soe dochs wol in plakje ha wolle foar de polityk êfter de beslissings en de foarfallen. It ferskil tusken in sosjaal wittenskipper en in histoarikus, siz mar... Ik sil nochris neitinke oer de foarm. --Bwarre 22.36, jun 14, 2006 (CEST)

Polityk kin der fansels al yn; dan komme wy út by omskriuwings as:
  • Ruslân begûn in 1934 mei it ferheegjen fan it jild foar it leger.
  • Hitler skreau yn Mein Kampf dat de NAZI-s lofts lilk meitsje woenen.
  • De FS hâlden har yn earste ynstânsje oan harren Nachtwachtpolityk.
Ensfh. Wy witte fan de lieders ek net wat hja tochten, mar wy kinne fansels al skriuwe oer wat hja sein of skreaun hawwe, wat hja dien hawwe en hokfoar polityk hja fierd hawwe, al kinne wy nea wis wêze oer harren doel. Aliter 23.17, jun 14, 2006 (CEST)


Sweden oan de kant fan de Dútsers???

[boarne bewurkje]

It sil wol in fersin wêze. Hienen jo Finlân foar it ferstân? Sweden hat altyd alle war dien en bliuw neutraal. Mei in eigen leger, float en -net ferjitte- luchtmacht. Dat hat foar it Reade Krús in soad opsmiten.

Ik tocht: lit my hjir en dêr wat ynformaasje tafoegje. Bygelyks dat earst Tsjechoslowakije beset is en dat doe, yn 1938, Eastenryk troch de 'Anschluss' in part fan Dútslân waard. Dy aparte posysje fan Eastenryk soe al neamd wurde moatte, lykas dy (gâns oare) fan Vichy. Fyntyn

Sa't it der stiet liket it goed te wêzen. Der stiet net dat Sweden en Switserlân oan de kant fan Dútslân wienen, mar dat hja Dútslân al stipen. Dat hie fansels ek goede kanten, dy't daalks yn 'e skiednisboeken kamen, mar ek mindere, dy't stilholden waarden. Finlân is in gefal apart: Finlân focht oan deselde kant as de Alliearden, mar trochdat de Dútslân Ruslân oanfoel waard de striid om harren frijheid de kant fan de As. Aliter 7 maaie 2009, 18.28 (CEST)

Wat is der dan stilholden? Soks moat dan beskreaun wurde, lykas de feiten dy't ik neamd ha. Yn in ensyklopedy kin der net suggestyf om de kant hinne praat wurde, wol? Fyntyn85.147.156.111 19 maaie 2009, 00.12 (CEST)

Op de side is it feit simpelwei net fierder útskreaun; dat jildt foar hast alle feiten op dy side, om't it net in folsleine behanneling fan de Wrâldkriich is, mar allinnich in koarte beskriuwing. Fansels kin der in protte mear oer skreaun wurde, mar net alles soe op dy oersjochside pasje. Wy hawwe al alle romte foar ús ensyklopedy, mar ús siden bliuwe allinnich lêsber at wy de langte beheine. At wy earne mear, spesifike ynformaasje oer skriuwe wol, dan kin dat op in side apart. Sa is der op en: bygelyks en:Sweden during World War II. Yn dat gefal binne der fan dy side ek noch wer siden apart dy't noch spesifikere ynformaasje hawwe. Aliter 19 maaie 2009, 19.52 (CEST)

Dy flagen foar de lannen passe by my net goed. Is dat foar eltsenien sa? Neffens my is wat ik hir as lettertype en -grutte haw krekt wat Wikipedia foar my ynstelt, mar dan binne de flagen skynber heger as de letters, dat dan komme dy hieltyd leger op de rigel. Mysha (oerlis)

Hjir gjin problemen. Drewes (oerlis) 2 jul 2015, 17.07 (CEST)[beäntwurdzje]
Nuver. Ik haw hjir in Ynternet Explorer en in Google Chrome, en yn beide gefallen begjinne de flagen foar Grut Brittanje krekt foar de namme, mar by Sowjetuny is it safier opskood dat de top fan de flage lyk útkomt mei de grûnline fan de tekst. Mysha (oerlis)