Oerlis:Torpedoboatjager
Appearance
Taaiens?
[boarne bewurkje]@Ieneach fan 'e Esk: Nochris goeie. In torpedoboatjager is in type oarlochsskip .....dat bekendstiet om syn taaiens? Begryp ik net. Taaier as in oaljetanker, kruser of fleandekskip? Drewes (oerlis) 18 okt 2024, 17.18 (CEST)
- @Drewes: it is no in pear jier lyn dat ik dizze side oanmakke haw, dat ik sjoch der no ek wer mei frisse eagen nei en ik begryp dat jo muoite mei dat wurd hawwe. Dit artikel is eins neat oars as in frije oersetting fan 'e ynlieding fan it korrespondearjende artikel op en: (mei wat lytse oanfollings út 'e rest fan dat artikel). Dat ik haw ris sjoen wat dêr stiet: "a destroyer is a fast, maneuverable, long-endurance warship". Long-endurance, dus dat sa'n skip "it" (wat dat dan ek mar is) lang folhâlde kin, haw ik yn it Frysk "taaiens" fan makke. As je dat derby witte, is it wol te folgjen, mar ik bin it mei jo iens dat it hjir bûten dy kontekst in wat riedselich begryp is. Ik soe sa lykwols net daliks in oar tapaslik wurd paraat hawwe. Google Translate jout as oersetting "lange úthâldingsfermogen", mar dat fyn ik mear wat foar in libben wêzen en net sa gaadlik foar in skip. Ik meitsje der leau 'k mar fan "fermogen om lang sûnder befoarrieding te operearjen". Dat is wat in knoffelige omskriuwing, mar wol dúdliker. As jo in suggestje hawwe, fiel jo dan frij om der wat betters fan te meitsjen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 18 okt 2024, 21.00 (CEST)
- @Ieneach fan 'e Esk: De ynlieding fan en: doocht foar gjin meter. Sjoch it stik fan û.o fan nl: en de:. Alle oarlochsskippen kinne op ien tank disel de heale wrâld befarre.Drewes (oerlis) 18 okt 2024, 21.22 (CEST)
- @Drewes: O. No ja, dan helje ik dat stikje der hielendal út, dan is it ek klear. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 18 okt 2024, 21.25 (CEST)
- @Ieneach fan 'e Esk: De ynlieding fan en: doocht foar gjin meter. Sjoch it stik fan û.o fan nl: en de:. Alle oarlochsskippen kinne op ien tank disel de heale wrâld befarre.Drewes (oerlis) 18 okt 2024, 21.22 (CEST)