Oerlis:Taunusberchte

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

Nammen[boarne bewurkje]

Dy nammen dy't mei Limboarch te krijen hawwe, moatte dy sa net stavere wurde? En dy Hunsrück, moat dy net itselde hjitte as de Hûnsrich yn Drinte? (Of dý namme wier fan de Hûnze komt, wurdt al wat minder wis at der fier fuort yn Dútslân ek ien leit.) Mysha

Wy kinne it foar ús ek simpler meitsje troch it fuort te litte--Geoffrey 22 jun 2007, 13.39 (CEST)Beäntwurdzje[beäntwurdzje]
Der moat al wat feroarje, oars steane wy letter my de kloaten foar it blok. Dêr ha wy neat oan. Tusken heakjes soene wy wol (drinte) of (Rynlân-Palts) skriuwe kinne. Kening Aldgilles 22 juny 2007 16.57 (CEST)
Wy kinne it ek gewoan Hunsrück bliuwe litte, dêr bin ik eins wol foar. Dit dogge de oare wikipedyen ek mei dit berchtme. At jo it oersette wolle kin it fansels ek wêze dat it net fan Hund mar fan Hun ôflaat is. Soe dan de Hinnerich wurde?? Of miskien komt de namme wol earne oars fan, ik soe't net witte. Dêrom woe ik it mar by Hunsrück litte nei de taal fan de offisjele namme. Dat is fansels altiten in opsje, it moat wol brûkber bliuwe.
Noch wat oars, brûke wy berchte as berchtme, neffens it wurdboek mei it allebeide. Ik wit net as der in sterke foarkar foar it ien as it oare is. Theun 22 jun 2007, 17.14 (CEST)Beäntwurdzje[beäntwurdzje]