Oerlis:Sylvia Kristel
Appearance
Kristel hat yn softcore eroatyske films spile. Makket har dat ta persoan yn de seksyndustry? Moat se op deselde bulte smiten wurde as al dy saneamde porno'aktrises' en oare huorren? Tocht it net. Allinne fy: set har yn dy kategory. Drewes (oerlis) 25 mrt 2019, 17.22 (CET)
- Ik sjoch net folle ferskil. (Behalven dat dy 'oare huorren' oer it algemien mear talint hawwe en better aktearje. Mar goed, dat sil wol in subjektive beoardieling wêze.) Hoe dan ek, ik wol de ynfoboks wol even omwikselje as jo dat gelokkich makket. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 25 mrt 2019, 17.41 (CET)
- Dat jo de kategory ek fuorthelje, dêr bin ik it no yn prinsipe wer net mei iens. Softpornoaktrises binne ek pornoaktrises. Kristel wie gewoan in pornoaktrise. En dêr is op himsels neat mis mei. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 25 mrt 2019, 18.26 (CET)
- De Wikywrâldmienskip en ik binne it yn it gefal fan Kristel net mei jo iens. As jo net sliepe kinne of ûnrêstich wurde sûnder dat in spesifikere kategory ûnder it artikel set wurdt: betink in kategory mei soks as erotyk/eroatysk lykas nl:. Drewes (oerlis) 25 mrt 2019, 19.34 (CET)
- Tsja, sa't ik sei, ik sjoch net echt in ferskil. Mar oer myn nachtrêst hoege jo net yn te sitten. :-) Der moat al mear gebeure foar't dy yn 'e knipe komt. Mar even serieus oer jo suggestje: in kategory fan sa'n algemienens as 'erotica' fyn ik earlik sein wat in swaktebod. Lit it oars earst mar gewurde. Miskien betink ik der noch wolris wat op. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 25 mrt 2019, 19.44 (CET)
- De Wikywrâldmienskip en ik binne it yn it gefal fan Kristel net mei jo iens. As jo net sliepe kinne of ûnrêstich wurde sûnder dat in spesifikere kategory ûnder it artikel set wurdt: betink in kategory mei soks as erotyk/eroatysk lykas nl:. Drewes (oerlis) 25 mrt 2019, 19.34 (CET)
- Dat jo de kategory ek fuorthelje, dêr bin ik it no yn prinsipe wer net mei iens. Softpornoaktrises binne ek pornoaktrises. Kristel wie gewoan in pornoaktrise. En dêr is op himsels neat mis mei. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 25 mrt 2019, 18.26 (CET)
- @Ieneach fan 'e Esk: Foarearst ok, trusten Drewes (oerlis) 25 mrt 2019, 19.47 (CET)
- @Drewes: No, ik haw hearlik sliept, hear. Ik tink, dat sil ik jo earst mar even witte litte, oars sitte jo fansels de hiele dei yn spanning. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 26 mrt 2019, 12.02 (CET)