Springe nei ynhâld

Oerlis:Stiennen Man

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Ik haw wol ris lêzen dat mei binnendyksters de bewenners fan de fiifdielen oantsjut waarden dy't oan de eastkant (binnen) de slachtedyk wennen. De butendyksters wennen west fan de slachte. De stiennen man stiet neffens my net op it plak wêr't de slachte by de seedyk útkomt. Theun 07.46, 3 okt 2006 (CEST)

Nee, dan moatte jo de side dykstik der efkes by hawwe, sadree't dy der is. Utsein lytse eilannen binne de dykstikken hast altiten op in oar plak as dêr't de lju wenje dy't dy ûnderhâlde moatte. Aliter 19.52, 3 okt 2006 (CEST)
Ik haw it wer efkes opsocht (út de beskriuwing fan Meindert Schroor by de kaarten yn de atlas fan Huguenin). De Vijfdeelen Slachtedijk ... deze dient tot grens tussen de zogeheten Binnendijksters en Buitendijksters. Dat wil zeggen de bewoners der Vijfdellen ten oosten en esten van de Slachte. Van 1533 tot 1537 hoefden de de Binnendijksters slechts een klein stukje zeedijk te onderhouden.
It ferhaal is dat troch de ynpoldering fan de Middelsee en it Bilt it part seedyk dat de binnendyksters underhâlde moasten folle lytser waard en de ferhâlding mei it part fan de butendyksters net mear kloppe. Nei de Alderheljenfloed fan 1570 is de saak wer rjochtlutsen. Hy neamt ek dat de grins fan it dyksunderhâld doe doe ferskoud is nei it suden fan Harns wer't de Stiennen Man stiet. Ik hie it efkes earder opsykje moatten ;) Theun 20.30, 3 okt 2006 (CEST)

Oerlis begjinne oer Stiennen Man

Oerlis begjinne