Oerlis:Stedsk
Appearance
Haw dizze side oanpast, oanfolle en in stikmannich staveringsflaters ferbettere.
It Feanstersk haw ik tafoege as Stedsk dialekt nei Frisian Grammar fan G.J. de Haan, prefester yn Grins. Ik seach der sels earst ek nuver fan op, mar wa bin ik? Woadan 09.49, jan 12, 2006 (UTC)
- Ik wist wol dat se op it Hearrenfean stedske allueres hiene, mar fernuvert my ek. Ik wurkje dêr no hast 20 jier, en ik haw yn dy al dy jierren noch nea immen Hearrenfeansk praten heard, alteast net eat dat op de oare stedske dialekten liket. It soe kinne dat de Haan doelt op it sterk troch it Hollânsk beynfloede Frysk dat se yn it Haachje sprekke, mar dat soe dan neffens de definysje fan it Stedsk (in Hollânsk dialekt, beynfloede troch it Frysk) krekt gjin stedsk wêze. B. 10.28, jan 12, 2006 (UTC)
- Ik haw de prefester skreaun; faaks kin hy ús hjiryn help biede. Aliter 23.09, jan 12, 2006 (UTC)
Lûden
[boarne bewurkje]- Hoe is dy î fan prîns oars as de ea fan it Fryske gean?
- Hoe is de úú fa drúúf fan guon dialekten oars as de uu fan stuurt yn oaren? Aliter 23.09, jan 12, 2006 (UTC)