Oerlis:Spirit of St. Louis

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Frysk Hânwurdboek: Bouwurk, eat dat boud is of boud wurdt, benammen algemiene beneaming foar allerhanne soarten gebouwen. [oernommen kommentaar fan Drewes by weromferoaring]

@Drewes: Ja, fansels, it giet benammen om gebouwen, mar net allinnich. In bouwurk kin fansels ek in brêge of fiadukt wêze, in autosnelwei, in seedyk, in skip, in fleantúch en neam mar op. Alles dat troch de minske makke wurdt en út in grut tal ûnderskate ûnderdielen bestiet, is in bouwurk. Dat is sa fanselssprekkend, ik fal suver fan 'e stoel ôf dat jo dêr no mei ûniens wêze kinne. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 3 nov 2018, 21.15 (CET)[beäntwurdzje]
@Ieneach fan 'e Esk: Jo hawwe in fyts (bouwurk) en tinke it te witten. Om't de broek my no op de ankels hinget moarn mear. Drewes (oerlis) 3 nov 2018, 21.37 (CET)[beäntwurdzje]
@Drewes: No, "tinke it te witten"... Ik fyn dit sa foar de hân lizzend dat ik it my nuver foarkomt dat hjir diskusje oer ûntstiet. As jo dat bedoele mei "jo tinke it te witten", dan: ja. In fyts soe ik sels yn it deistich spraakgebrûk ek net gau in bouwurk neame, mar sa'n yninoar nifele lisfyts dy't je wolris op 'e dyk tsjinkomme wer wol. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 3 nov 2018, 21.53 (CET)[beäntwurdzje]

@Ieneach fan 'e Esk: M.J Koenen - J.B. Drewes 27e druk 1985, Bouwwerk: gebouw. Van Dale ensfh. 1999, Bouwwerk: algemene benaming voor alle soorten van (in aanbouw zijnde) gebouwen. Sa is dat, de gewoane, gongbere betsjutting. Van Dale neamt brêgen en 'keunstwurken' yn autodiken net, mar dy kinne der om my ek by. Drewes (oerlis) 5 nov 2018, 17.48 (CET)[beäntwurdzje]