Oerlis:Seksueel oer de grins geand hâlden en dragen
Appearance
Wat de namme fan dizze side oangiet it folgjende. "Grensoverschrijdend" liket gjin Fryske oersetting foar te bestean (ik kin him yn elts gefal net fine), dat ik haw der mar wat fan makke. It wurd "gedrach" woe ik der leafst net yn hawwe om't dat in hollanisme is en der yn dit gefal in geef Frysk alternatyf ("hâlden en dragen") bestiet. Yn guon gearstallings (lykas "gedrachspatroan") foldocht "hâlden en dragen" net en dan, fyn ik, moatte je ek wer sa praktysk wêze dat je net oan dingen fêsthâlde dy't net foldogge, mar dat is yn dit gefal dus net sa. Wat "oer de meuch geand" oangiet, stean ik iepen foar in bettere namme as dêr by oare meidoggers ideeën oer libje. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 7 feb 2022, 02.02 (CET)
- @Ieneach fan 'e Esk: Goeie 1each. Ik soe 'meuch' gewoan mar feroarje yn 'grins'. Sjoch betsjuttingen en foarbylden fan meuch. Meuch liket my hjir net echt fan tapassing. Drewes (oerlis) 10 feb 2022, 18.35 (CET)
- @Drewes: Goeie. Wy brûke "oer de meuch gean" ek altyd foar "te fier gean", "net troch de bûgel kinne", mar dy bestjutting sjoch ik der yndie net tusken stean. Hmm. Frjemd. Even tusken heakjes: ik fyn dat dat Frysker trouwens foar gjin meter wurket; Taalweb funksjonearre folle better. Dat ik haw it ek noch even opsocht yn it Frysk Hânwurdboek, mar dat jout fierhinne deselde útkomst. No ja, dan sille wy dat wurdt wol ferkeard brûke, of miskien is it in regionale betsjuttingsfariant. Yn elts gefal sil ik de namme fan it artikel oanpasse. Tankewol dat jo my hjirop wize. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 11 feb 2022, 23.12 (CET)