Oerlis:SC It Hearrenfean

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Wat fine de oare brûkers fan de Wikipedy. Moatte we nei klup, wat neffens my mear de Fryske stavering is, as moatte we klub hâlde. As der feroare wurde moat dan sil ik alle 'klubs' oanpasse nei 'klup'.J'88

De Fryske stavering oanhâlde is makliker en better. Groetnis Kening Aldgilles 02 des 08, 23:17 (CET)
Yn myn Nederlânsk->Frysk wurdboek stiet Club -> Club.
Yn myn Frysk->Nederlânsk wurdboek stiet Klub -> Club.
Myn staveringshifker fynt sawol Klub as klup net goed. Dêrom hie ik it yn earsten ek as Club oanmakke, letter hawwe wy dat feroare yn Klub. Dus ik haw myn twifels wat no mear de fryske stavering is. Wy moatte fansels saken net oanpasse om't it Frysker liket. Theun 3 des 2008, 08.20 (CET)
Punt is dat no fan alles troch elkoar brûkt wurdt. Dêr moatte wy wat oandaan. Yn myn wurdboekje, Kramers wurdboek, gearstelt troch de Afûk, stiet 'klup'.J'88
Neffens my hawwe wy no folle mear Klub. Kees brûkt meast ek it Fysk->Nederlânske wurdboek fan Zantema en dat neamt dizze stavering.
De fuotbalklub-siden moatte meast dochs noch oanpast, it berjocht moat derby en ek by de Kategory moat de sortearing op de klubnamme set wurde en net op Fuotbalferiening, falle no hase allegear ûnder de F. Is stel foar dat wy dat dan yn ien kear dogge.
Allinne tekst van Klub->Klup as oarsom kin miskien better mei in Bot. Aliter hat dêr wol wat doel oer liuw ik. Theun 3 des 2008, 17.19 (CET)
"Fuotbalklub" jout by Google sa'n fiif kear de treffers fan "fuotbalklup", en dûbeld de treffers fan "fuotbalclub". Ik leau klub kin foar no wol stean bliuwe. Men koe de oare twa staverings fuorthelje, mar it is net in grut probleem, en faaks binne dy nochris in oanlieding foar in lêzer om te begjinnen mei skriuwen. Aliter 4 des 2008, 00.24 (CET)
It Hânwurdboek hat no 'klup', en 'Fuotbalklup' wurdt no likefaak brûkt as 'Fuotbalclub'. Wy wachtsje it ôf, as dochs mar oanpasje? Aliter 19 maaie 2009, 20.36 (CEST)

Abe Lenstra[boarne bewurkje]

Yn it artikel is Abe Lenstra opnommen yn de rige fan treners. Hy soe trener west ha yn it seizoen 1946-47. Dat liket my wat nuver ta, kloppet dit wol?--Geoffrey 18 maaie 2009, 15.31 (CEST)

Hawwe wy in boarne? Wit de Sportcklubp der faaks mear oer? Aliter 19 maaie 2009, 20.36 (CEST)
It komt út de kokker fan J'188, hy hat it delskreun. Ik sil him ris freegje --Geoffrey 19 maaie 2009, 21.09 (CEST)

Ynternasjonals[boarne bewurkje]

Is it nijsgjirrich om te witten fan hokke spilers dy't ea by Hearrenfean spile hawwe ynternasjonal wurde binne. Fan Lenstra kin ik my dat foarstelle, want dy komt út Fryslân. Mar al dy oare spilers dy't gjin Friezen binne? En dan is it listke ek noch net kompleet want der binne noch folle mear, Van Nistelroy, Leurling, Bruggink, Denneboom, Thomasson, Bosvelt, Huntelaar neam mar op. Ik wol it einliks fuort helle, earst mar eefkes oerlis --Geoffrey 16 aug 2010, 22.56 (CEST)

Trener[boarne bewurkje]

Is der immen dy't hjir wat fan wit? Der stiet noch in plaatsje fan de foargie trener, en wy witte noch net hoe't er it dien hat en hoe't er opfolge is. Mysha (talk)