Oerlis:Rolstoel

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Bewege, beweegde, haw beweegd. Drewes 5 feb 2011, 22.11 (CET)[beäntwurdzje]

Ik begjin no te twifeljen neffens my moat it bewage wêze, ma neffens dy is it dus bewege? gr, Wikiice 6 feb 2011, 09.11 (CET)[beäntwurdzje]
Ik haw it yn Zantema ('s wurdboek) neisjoen: bewege, beweegde, haw beweegd. Groetnis. Drewes 6 feb 2011, 11.19 (CET)[beäntwurdzje]
Dan sil ik it hjoed as moarn oanpasse. Wikiice 6 feb 2011, 11.24 (CET)[beäntwurdzje]

Kategory:Ferlamming? Minsken mei bygelyks COPD, slim hertfalen en lju dy't gewoan min op 'e gong troch alderdom binne, binne faak ek oanwiisd op in rolstoel. As der perfoast in nije kat., njonken helpmiddel, komme moat stel ik 'lichaamlike beheining' foar. Drewes (oerlis) 18 apr 2019, 19.34 (CEST)[beäntwurdzje]

Dit beswier begryp ik net. Minsken dy't ferlamme binne, sitte yn 'e rolstoel, dus de rolstoel hat te krijen mei it ferskynsel ferlamming. Dat liket my frijwat foar de hân te lizzen. Dat wol fansels hielendal net sizze dat minsken mei in ferlamming de iennichsten binne dy't yn 'e rolstoel sitte. Dat haw ik nea sein en ik snap net hoe't jo dat helje út 'e tafoeging fan dizze side oan 'e kategory:ferlamming. As we ea nochris kategoryen oanmeitsje foar alle oandwanings dy't jo hjirboppe neame, kin de side rolstoel dêr wat my oangiet ek yn. Under lichaamlike beheinings falle ek (bgl.) blinens en dôvens, en dat hat dan wer hielendal neat mei de rolstoel út te stean. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 18 apr 2019, 21.13 (CEST)[beäntwurdzje]
As we ea nochris kategoryen oanmeitsje foar alle oandwanings dy't jo hjirboppe neame, kin de side rolstoel dêr wat my oangiet ek yn...... Tsjek de Ingelsktalige Wikipedy dêr't jo sa wiis mei binne. Drewes (oerlis) 18 apr 2019, 21.45 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik haw hjir de ôfrûne dagen sa út en troch nochris oer neitocht, mar ik sjoch echt net yn wat der mis mei is om it artikel rolstoel yn 'e kategory:ferlamming te dwaan. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 20 apr 2019, 18.27 (CEST)[beäntwurdzje]
@Ieneach fan 'e Esk: Bêste Ieneach. Ik haw in soad wurdearring foar it wurk dat jo hjir út de wei sette, mar dat spesifisearjen fan kategoryen, sub-kategoryen en sub-sub-kategoryen sûnder ein hoecht om my net en fan de measte Wikipedyen ek net. Ik tink dat jo dêr sels foaral ferlet fan hawwe. Drewes (oerlis) 21 apr 2019, 18.37 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik fyn dat dy opmerking nergens op slacht. Los dêrfan is it ek net wier. Ik sjoch de kategory-yndieling dy't ik hjir de lêste fiif jier oanpakt haw as fierwei myn wichtichste bydrage oan 'e Wikipedy. Doe't ik hjir binnenkaam, hie der likegoed hielendal gjin kategory-yndieling wêze kinnen, sa'n rommeltsje wie it. Dat is troch myn ynset aardich opbettere. Besikers kinne hjir no fia de kategoryen navigearje as se net krekt witte hoe't it ûnderwerp hyt dat se sykje. Dat koe foarhinne beslist net. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 23 apr 2019, 00.32 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik ha net sein dat Ieneach gjin fertsjinsten op dat mêd hat. Drewes (oerlis) 24 apr 2019, 18.18 (CEST)[beäntwurdzje]
Dat is wier en miskien haw ik jo ferkeard begrepen. De rest fan jo opmerking is in miening en dêr hawwe jo alle rjocht op, mar de lêste sin is my earlik sein wat yn it ferkearde kielsgat sketten. Mar bêst genôch, dan ha we it der fierders net mear oer. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 24 apr 2019, 19.04 (CEST)[beäntwurdzje]