Oerlis:Rimen en Teltsjes
Appearance
It nasjonale literêre Fryske boek? Hoe sa? Boek yn't Frysk ja, mar literêr betwifelje ik. Drewes (oerlis) 11 jul 2016, 21.38 (CEST)
- No, no. Dat fyn ik nochal in útspraak. Rimen en Teltsjes is mei it wurk fan Gysbert Japiks ien fan 'e pylders fan 'e Fryske literatuer, liket my. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 11 jul 2016, 22.22 (CEST)
- Gysbert Japiks is grif in pylder fan 'e Fryske literatuer.Drewes (oerlis) 11 jul 2016, 22.56 (CEST)
- En dochs wurde der yn it Lyts Hânboek fan de Fryske Literatuer fiif siden oan Rimen en Teltsjes en de bruorren Halbertsma wijd. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 11 jul 2016, 23.21 (CEST)
- Gysbert Japiks is grif in pylder fan 'e Fryske literatuer.Drewes (oerlis) 11 jul 2016, 22.56 (CEST)
It is lektuer, it skriuwen om allinnich in ferhaal oer te bringen. Drewes (oerlis) 11 jul 2016, 23.25 (CEST)
- It kin bêst wêze dat jo dat fine, mar blykber is net eltsenien it mei jo iens. Oars waard Rimen en Teltsjes net út en tenei besprutsen yn it Lyts Hânboek fan de Fryske Literatuer. Mar it is 't my lang net wurdich om hjir spul oer te krijen. As it wurd 'literêr' jo dwers yn 'e kiel stykjen bliuwt, fiel jo dan frij om 'e formulearring oan te passen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 11 jul 2016, 23.35 (CEST)
Och, ik wol it ek net better witte as de gelearden. Spul krije wy hjir net oer; it ûnder wurden bringen fan wat literatuer krekt is hat al genôch argewaasje yn de wrâld jûn. Wy litte it sa't it is. Drewes (oerlis) 12 jul 2016, 17.42 (CEST)