Springe nei ynhâld

Oerlis:Protestantisme

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Wol gauris sjoch ik dat (religieuze) streamingen op 'e Wikipedy skreaun wurde mei in haadletter. Is dat de standert yn it Frysk of heart it eins krekt as yn it Nederlânsk mei in lytse letter? Mathys1995 (oerlis) 1 apr 2018, 13.21 (CEST)[beäntwurdzje]

@Mathys1995: It heart mei in lytse letter. In wurd as 'kristendom' midden yn 'e sin mei in haadletter skriuwe, is yn it Frysk krekt as yn it Nederlânsk fout, mar jo hawwe gelyk, it wurdt in protte dien. Ek bistenammen komme je in protte mei haadletters skreaun tsjin (bgl. "De Reade Glee is in rôffûgel dy't ..."). Is ek fout. Mar ik haw in boekje fan 'e Fryske Akademy út 'e tachtiger jierren, mei as titel It Wylde Dierte, dêr't in list fan Fryske nammen fan sûchdieren, reptilen, amfibyen, fisken, arachniden, kreefteftigen ensfh. yn jûn wurdt, en dy binne allegear mei haadletters skreaun. Wêrom is my folslein ûndúdlik, mar ik fermoedzje dat dêr it idee weikomt dat bistenammen mei haadletters moatte. Wêrom't godstsjinsten mei haadletters skreaun wurde wit ik net. De ynfloed fan it Ingelsk miskien? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 2 apr 2018, 21.11 (CEST)[beäntwurdzje]