Oerlis:Portaal:Fryslân
Dit wie al myn doel mei it oanmeitsjen fan dy oersjoch-siden wêr't de haadside earst allinnich losse keppelings hie. Mar ik wie der noch net wis fan of it net better wie om op de haadside de Fryslan keppelings in nivo yn te krimpen. Dan soenen de earste seis yngang, leau ik, eat as dit wurde:
- Fryske siden: Fryske stêden, gemeenten, doarpen en gebieten -- Fryske skiednis -- Fryske taal -- Fryske kuenst en kultuer -- Sport yn Fryslân -- Fryske biografyen
Fierders fyn ik net allinnich dit blau hjir ferskikkelik, ik sjoch ek net hokfoar doel dit tjinnet op in side dy't net split is. Ik soe sizze dat in kopalinea as op de oare siden bêst genoch wêze soe.
- Oer kleuren is it slim diskusearjen fansels, dat is persoanlik :). Wat der wól foar de blauwe kleur te sizzen is, is dat dy yn Wikipedia oeral brûkt wurdt foar de automatysk oanmakke yndeksen op de wat gruttere siden. Sjoen de kar fan ûnderwerpen op de Fryske Wiki oan't no ta, is it oanpart fan siden óer Fryslân en typysk Fryske saken ridlik grut en is it foar besikers tink in goede saak dat dêr in útwreide yndeks-side fan beskikber is.
- Oer it yndikjen fan de earste 6 yngongen op de haadside binne we it gau iens! B.
We bin it ek gau iens oer dizze side. Mar wêrom net deselde opmaak as oare siden:
Dit is in oersjoch fan alle Fryslân-siden fan de Wikipedy; alle siden op de Fryske Wikipedy dy't in relaasje hawwe mei Fryslân.
De kopkes doch dan de rest. Aliter 21.21, 14 dec 2003 (UTC)
Oerlis begjinne oer Portaal:Fryslân
Op oerlissiden beprate meidoggers hoe't se de ynhâld op Wikipedy perfekt krije. Jo kinne dizze side brûke om mei oaren te oerlizzen oer de mooglike ferbettering fan Portaal:Fryslân.