Springe nei ynhâld

Oerlis:Pappegaaien fan de Alde Wrâld

Page contents not supported in other languages.
Nij mêd
Ut Wikipedy
Lêste reäksje: 1 jier lyn troch Ieneach fan 'e Esk by it ûnderwerp Smaragdparkiten

Namme

[boarne bewurkje]

Is der wier net in mear beskriuwende namme? It is net sa dat sa'n bist to in oare famylje of soks heart at immen him meinimt nei de oare kant fan de wrâld. Mysha (oerlis) Mysha (oerlis) 21 nov 2023, 16.12 (CET)Beäntwurdzje

Smaragdparkiten

[boarne bewurkje]

@Ieneach fan 'e Esk: Oangeande de smaragdparkiten (Psittacula): ik ha it noch eefkes neisjoen en yn it Ned. en Dútsk binne it edelparkiten. Wit net hoe't de skaainamme smaragdparkiten hjir ta stân is kommen, mar ik tink dat it yn dit gefal better om se ealparkiten te neamen. It skaai wurdt fierder net troch oare talen smaragdparkiten neamd, al is der wol in soarte dy smaragdparkyt hjit. Ik ha de namme fan it skaai by de halsbân, de Aleksander en de Prûkmop oernommen van dizze side, mar as it jo goed is feroarje ik dat moarn yn ealparkiten.--RomkeHoekstra (oerlis) 17 jan 2025, 00.25 (CET)Beäntwurdzje

@RomkeHoekstra: Goeie. Tsja Romke, ik wit it net mear. Ik haw dy list op in stuit opsteld en doe haw ik de namme smaragdparkiten fansels earne wei helle, want ik sobje soks net út 'e tomme. Mar dat is sa lang lyn dat ik it jo net mear fertelle kin, wat ik dan wol wer ûntychlike frustrearjend fyn. No goed, as jo leaver ealparkiten hawwe, dan is my dat fierders ek bêst. Litte we smaragdparkiten dan oanhâlde as in synonym. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 17 jan 2025, 21.30 (CET)Beäntwurdzje
@Ieneach fan 'e Esk: No, earlik sein fyn ik dat opstellen fan sa'n list al in prestaasje. It is sûnder boarnen yn 'e eigen taal pionierwurk, dus ik hie it hielendal net nuver fûn as de namme optocht wie. Allinne binne der ek blauwe en grize soarten ûnder it skaai en dan is it yn dit gefal better ealparkiten te neamen.--RomkeHoekstra (oerlis) 18 jan 2025, 15.39 (CET)Beäntwurdzje
@RomkeHoekstra: No, tankjewol foar it komplimint, Romke. Ja, mei de fauna en floara moatte we hjir op 'e Wikipedy gewoan pionierje, oars kinne we it spul net beskriuwe. Mar sels mar wat betinke, dat is foar my wier in lêste rêdmiddel dat ik mar komselden ynset. Oer it algemien sjoch ik earst as der in Nederlânske of Ingelske namme is dy't ik oersette kin, dan sjoch ik ris nei it Dútsk, of ik sjoch oft ik de wittenskiplike namme út it Latyn of latinisearre Gryksk wei oersette kin. Om't it Nederlânsk hjir 'edelparkieten' hat, wat ienfâldich oersetber is, bin ik der wis fan dat ik 'smaragdparkiten' earne wei haw, want wêrom soene je sels in namme betinke as dat hielendal net nedich is? Mar ja, dat kin ik dus net mear weromfine. Wol fyn ik persoanlik 'smaragdparkiten' in moaiere beneaming as 'ealparkiten', dus dat sil wol de reden west hawwe dat ik dêrfoar keazen haw boppe 'ealparkiten'. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 18 jan 2025, 21.08 (CET)Beäntwurdzje