Springe nei ynhâld

Oerlis:Nazy

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Soasjalisme moat sosjalisme wêze (sjoch ek FA 2008). --Kening Aldgilles 8 des 2010, 18.39 (CET)[beäntwurdzje]

Nazy? Drewes 8 des 2010, 18.44 (CET)[beäntwurdzje]
Wy hawwe al Nazi-Dútslân,--Swarte Kees 8 des 2010, 18.52 (CET)[beäntwurdzje]
Hie it mar Nassi-Dútslân west...., mar yndie, myn Hânwurdboek fan 'e Fryske taal gearstald troch W. Visser seit ek Nazi, mar ek bamy, dat safier siet ik der no ek wer net neist. Drewes 8 des 2010, 19.09 (CET)[beäntwurdzje]
De frou fan de waarman hie der meast it mier oan as hy der in bytsje neist siet..--Swarte Kees 8 des 2010, 19.12 (CET)[beäntwurdzje]
Ik tink dat sawol nazi as nazy wol kin. Yn it Frysk Hânwurdboek fan 2008 stiet gjin nazi mar nazy. Sille wy dy foarkar hjir dan ek mar brûke? --Kening Aldgilles 8 des 2010, 19.16 (CET)[beäntwurdzje]
Bêst genôch,--Swarte Kees 8 des 2010, 19.24 (CET)[beäntwurdzje]

Mun moat goed rekken hâlde mei Drewes, dat docht no wol wer bliken, heite! Drewes 8 des 2010, 19.35 (CET)[beäntwurdzje]

Neffens my moat it gewoan 'nazi' wêze. Nazi komt fan it Dútske Nationalsozialist, wêrfan de earste twa letters fan it wurd en de letterkombinaasje 'zi' yn sozialist it wurd nazi foarmje. Dat woenen wy in Frysk wurd derfan meitsje moat it al 'Nasja' wurde. J'88 8 des 2010, 23.45 (CET)[beäntwurdzje]
Ja, dat it net in letterôfkoarting is, dat is eat dat mar better al op de side derby kin. "Nazy" liket foarme nei "sozi" foar de "Sozialdemokratische Partei Deutschland". Om't de kombinaasje "ti" yn National" hast itselde lûd hat as "zi", waard dat dan "nazi". Mar in lûdferkoarting soe earder stavere wurde moatte sa't wy dat lûd staverje: "nazy". Aliter 9 des 2010, 02.36 (CET)[beäntwurdzje]
Sjoch ris by de:Nazi#Begriffsgeschichte. It begryp nazi komt ek fan sozi. Lykwols waard it wurd al earder brûkt yn Eastenryk en Súd-Dútslân. De Fryske Akademy jout allinnich nazy yn harren Frysk Hânwurdboek 2008. Ik soe útstelle wolle om net dwers te lizzen en nazy as foarkarsfoarm yn de Wikipedy te behâlden, sûnder it begryp nazi oeral fuort te reagjen. Groetnis--Kening Aldgilles 10 des 2010, 07.45 (CET)[beäntwurdzje]

Noch ien

[boarne bewurkje]

Wy hawwe ek NSDAP. Mysha (talk)