Oerlis:Museu de Arte de São Paulo

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Werôm hat in artikel oer in Brazyljaansk museum in Ingelske namme? Ik wit it wol, dit wie sa'n spamartikel dêr't dy Brazyljanen der wol mear fan skrean hawwe (case in point: wy hawwe sels gjin artikel oer de stêd São Paulo). Mar as wy it hawwe wolle, dan moatte we ek de titel oanpasse: of Frysk, of Portugeesk. Steinbach (WanabeFries) (oerlis) 2 jun 2016, 21.13 (CEST)[beäntwurdzje]

Fiel jo frij. Drewes (oerlis) 2 jun 2016, 21.18 (CEST)[beäntwurdzje]
Der binne yn Nederlân ek withoefolle bedriuwen en ynstellings dy't in Ingelske namme hawwe, dus sa gek soe it no ek wer net wêze as dit museum in Ingelske namme hie, mar yn dit gefal hawwe jo gelyk: de offisjele namme is Portegeesk. Ik slút my by Drewes oan. Fiel jo frij om it spul te feroarjen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 2 jun 2016, 21.33 (CEST)[beäntwurdzje]