Oerlis:Molkwardersk
Appearance
"[It] rekke op syn letst om 'e midden fan dy iuw hinne yn it neigean en wie tsjin 1900 útstoarn." Wat wiist derop, dat it Molkwardersk it noch sa lang úthâlden hat? Yn syn Dialecticon (publisearre yn 1874, mar mei mear as tsien jierren foarbereiding) seit Johan Winkler dat it dialekt doe folslein ferdwine wie. De befolking soe allinich noch in paar Molkwarder wurden bruke ("hoe langer hoe minder"; foarbylden jout er net). "Tsjin 1850 útstoarn" liket my warskynliker as "tsjin 1900". Binne d'r ljibbenstekens fan it Molkwardersk nei 1811, doe't de oersetting van de Ferlerne Soan skrean waard? Steinbach (oerlis) 5 sep 2019, 11.50 (CEST)
- Bêst genôch, Steinbach. Ik haw de tekst fan it artikel oanpast. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 7 sep 2019, 20.50 (CEST)